Ungelok mei quad by Itens

29 aug 2013 - 20:46
  • ûngelok quad Itens

By in ûngelok mei in quad yn Itens binne tongersdeitemiddei in man (22) út Nijlân en in frou (22) út Easterein ferwûne rekke. De bestjoerder rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam. De man moast reanimearre wurde en is mei spoed nei it sikehûs brocht. Ek de frou moast nei it sikehûs. De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok krekt gebeure koe. De trochgeande dyk by Itens hat in pear oeren ôfsletten west foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)