Krityk Kramer fernuveret KNSB

It algemien bestjoer en de direksje fan it reedrydbûn KNSB binne der bot oer fernuvere dat reedrider Sven Kramer seit dat it KNSB bestjoer opstappe moat. Neffens foarsitter Terpstra giet dit fierstente fier en past sok gedrach net by in kampioen. Ut namme fan de atletekommisje wiene woansdei twa eks-reedriders by de gearkomste fan de lederied.
Dy twa binne der as ferfangers fan Sven Kramer en Mark Tuitert mei akkoart gien dat de proseduere oer it kiezen fan in topsportakkomodaasje trochset wurdt. Se ha ek fertrouwen útsprutsen yn Terpstra.
Dêr wie ûnder de gearkomste sels kontakt oer mei Kramer en Tuitert, seit Terpstra. Dêrom fernuveret de útspraak fan Kramer him bot. Hy freget Sven Kramer om kontakt mei him op te nimmen om oer de kwestje te praten.