Postma wer net yn aksje op WK

Pieter-Jan Postma © watersportverbond
Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat tongersdei wer net yn aksje west by de wrâldkampioenskippen yn de Finn klasse yn Tallinn yn Estlân. De silers waarden wol it wetter opstjoerd, mar fan in start kaam it net, fanwege te min wyn. Postma hat oant no ta fjouwer races fearn, twa goeie en twa minne. Hy stiet fjirtjinde yn it tuskenklassemint.
Postma wol graach ien fan de minsten skrasse, mar dat kin net earder as at der fiif wedstriden syld binne. Hy hat noch in pear kânsen. As de omstannichheden goed binne, kin der freed noch trije kear syld wurde. En sneon is de medaljerace, foar dûbele punten.