Gaslekken De Jouwer ferholpen

Bewenners oan de Wumkesstrjitte mochten koarte tiid har hûs net yn © frou De Jong fan De Jouwer
It ierdgaslek op De Jouwer oan De Omkromte is reparearre. Dat meldt Enexis. Om tsien oer tolven fan 'e middei hie elkenien wer gas. It lek ûntstie by graafwurksumheden oan 'e dyk, wêrby't de haadlieding fan Enexis stikken lutsen waard. Enexis ferhellet de skea op de oannimmer.
Tagelikertiid wie der in pear strjitten fierderop op De Jouwer ek in gaslek oan de dokter Wumkesstrjitte. Dêr waard in gaslieding yn in wenning stikkenboarre doe't in ynstallateur nije ventilaasje oanlei. Ek dit lek is ticht en de omlizzende wenten binne wer frijjûn.