Frou (33) berôve fan jild
In 33-jierrige frou út de gemeente Lemsterlân is woansdeitejûn berôve yn har wenning. In ûnbekende man kaam har hûs yn en bedrige har mei in mes. Neidat de frou har jild ôfjûn hie, gong de ynbrekker der fantroch yn in flechtauto. Dizze auto waard bestjoerd troch in twadde ûnbekende man. De plysje docht ûndersyk nei de saak.