Klear foar Tour for Life

29 aug 2013 - 13:48

In freoneploech út Wergea is klear foar de Tour for Life. Moarn sette se ôf nei Italië. Snein begjint dêr yn de Alpen de fytstocht oer acht dagen dy't einiget op de Cauberg yn Valkenburg. Tour for Life sammelet jild yn foar Artsen Zonder Grenzen. De Friezen ha 20 tûzen euro sammele. Ien fan de dielnimmers is no húsdokter en hat sels ek wurke foar Artsen Zonder Grenzen. De manlju wurde wol faak oansprutsen op it gedrach fan devâld-foarsitter fan Alpe d'HuZes. Dizze wike kaam yn it nijs dat hy in pear ton yn rekken brocht hie foar syn wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)