Schaaf oernaam troch G4S
Schaaf Beveiliging út Twellingea wurdt oernommen troch it Britske bedriuw G4S. Dat hat direkteur Marc Schaaf befestige. De tritich meiwurkers binne tongersdeitemoarn op de hichte brocht. Sy hâlde allegear harren wurk. Ek de namme feroaret de earstkommende fiif jier net.