Ierdgaslekkaazje op De Jouwer

29 aug 2013 - 11:18

De dokter G.A. Wumkesstrjitte op De Jouwer is fan 'e moarn ôfsletten troch de brânwacht om't der in ierdgaslekkaazje wie. By wurksumheden oan in wenning waard in lieding trochboarre. De brânwacht fan De Jouwer en Sint Nyk ûntrommen de strjitte. Bewenners fan tolve apparteminten mochten harren hûs net yn.

Oan De Omkromte wie tagelikertiid ek in ierdgaslek. Dit lek ûntstie by graafwurksumheden oan 'e dyk, wêrby't de haadlieding fan Enexis stikken lutsen waard. Fjouwer húshâldens sieten koarte tiid sûnder gas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)