Start saak mishanneling homo's

29 aug 2013 - 10:22

De frou dy't yn maart twa homo's út Ljouwert mishannele op it treinstasjon fan Snits, moat tongersdei foar de rjochter ferskine. It giet om de 19-jierrige Elena S. De frou wurdt beskuldige fan besykjen ta deaslach. De fertochte mishannele de manlju tegearre mei in 18-jierrige freondinne. Dy moat letter dit jier foar de rjochter ferskine.

In pear wiken nei it ynsidint sloegen de froulju opnij ta. Doe mishannelen se twa froulju. Dy hiene lykwols gjin relaasje meielkoar. Elena S. sit al sûnt de mishannelingen fêst.

Har freondinne mei har rjochtsaak yn frijheid ôfwachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)