Swimbad Boalsert bliuwt iepen

28 aug 2013 - 22:01

Swimbad Vitaloo yn Boalsert hoecht foarearst net ticht. In grutte mearderheid fan de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wol dat earst ûndersyk dien wurdt nei alternativen om it bad iepen te hâlden. Dat die bliken by de gearkomste fan de kommisje Boarger en Mienskip woansdeitejûn yn Drylts, wêr't ek tsientallen aksjefierders op ôf kamen. It kolleezje krijt in healjier de tiid.

It kolleezje woe it swimbad slute om sa 370.000 euro te besunigjen op it sportbudget. Yn Boalsert waarden hûnderten hantekens sammele om it bad iepen te hâlden.

Ek it Snitser bûteswimbad It Rak moat ticht. Boppedat wol de gemeente tsien prosint besunigje op de subsydzje fan iepenloftswimbad Mounewetter yn Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)