Mollema wer bêste Nederlanner

Bauke Mollema © ANP
Hurdfytser Bauke Mollema is woansdei yn de fyfde etappe yn de Ronde fan Spanje as tolfde oer de streek kaam. Dêrmei wie Mollema opnij de rapste Nederlanner. De Ljouwerter stiet no op it 14e plak yn it algemien klassemint. Oan de lieding giet de Italiaan Vincenzo Nibali.
Yn de fyfde etappe fan Sober nei Lago de Sanabria wie de winst foar Michael Matthews. It wie de earste oerwinning yn in grutte wielerronde foar de 22-jierrige Australiër.
Lieuwe Westra einige as 142e en stiet no op it 189e plak yn it klassemint.