Buur & Co start op De Gordyk

28 aug 2013 - 18:45

De gemeente Opsterlân en ferskate wen-, soarch- en sûnensorganisaasjes starte dit jier mei it projekt Buur & Co. Doel fan it projekt is ûnderlinge kontakten yn doarpen te stimulearjen om sa iensumens foar te kommen en de leefberheid te fergrutsjen. It projekt begjint op De Gordyk.

Koördinator Timpaan Welzijn sil hjir netwurken opsette mei minsken dy't ticht byinoar wenje en elkoar helpe wolle. Sa kin tocht wurde oan kompjûterhelp, de hûn útlitte of itensiede. Yn oktober sille de bewenners bypraat wurde oer dielname oan it projekt.

Trefwurden: 
De Gordyk Buur & Co
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)