Omrin haadsponsor Tall Ships

28 aug 2013 - 18:38

Offalferwurker Omrin wurdt haadsponsor fan The Tall Ships Races takom jier yn Harns. Woansdei waard it kontrakt tekene yn de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. Mei de finansjele stipe kinne 10 jonge silers mei as trainee oan board fan in sylskip om yn 'e kunde te kommen mei jongerein út oare lannen.

Boppedat sil Omrin ek de ôffalynsammeling en -ferwurking en it skjinhâlden fan it eveneminteterrein foar syn rekken nimme. It evenemint is fan 3 oant en mei 6 july takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)