Gjin TBS foar Sweagerbosker

28 aug 2013 - 15:11
  • Ynsidint Van Kleffensskoalle 2010

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat woansdei yn heger berop in man (43) út Sweagerbosk feroardiele ta fjouwer jier sel wêrfan twa jier ûnder betingst. Yn heger berop wie ek TBS mei twangferpleging easke, mar dat is ôfwiisd. Hy soarge trije jier lyn foar in soad kommoasje op in skoalplein op It Hearrenfean. De man hie earder syn hûs yn de brân stutsen en soe syn twa bern fan skoalle helje. Hy stie op it skoalplein mei in grut mes. Der gie sa'n soad driging fan him út, dat plysje him delskeat. Hy krige selstraf oplein. Dy hat er yntusken útsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)