Medaljes foar militêren

28 aug 2013 - 12:31

Goed 100 militêren krije tongersdei de Nederlânske 'Herinneringsmedaille Vredesoperaties'. De medaljes wurde útrikt troch kommandant Tom Middendorp en kommissaris fan de kening John Jorritsma. De seremoanje is op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De militêren binne fan de Air Task Force dy't bestiet út 120 militêren. Se binne ynset foar de beskerming fan de Nederlânske plysjetrainers yn Kunduz. De medalje wurdt takend oan militêren yn fredesoperaasjes dy't teminste 30 dagen achterelkoar duorre hat.

Trefwurden: 
definsje militêr medalje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)