Oerlêst fan roeken yn Mantgum

De Mantgumers krije gjin tastimming fan Den Haag om de roeken fuort te jeien. De fûgels soargje al jierren foar oerlêst oan de Galemawei en by De Kamp. Guon bewenners hienen skjin har nocht fan it leven fan de roeken en wolle der fanôf. Mar dat slagget net, of de fûgels moatte sels in oar plak sykje om te nesteljen. Roeken binne beskerme en der mei allinnich ferjage wurde as in oar plakje beskikber is. Dat is der net by Mantgum. De fûgels soenen dan yn Jorwert delstrike en dat is net de bedoeling.