Jubileum Fryske Akademy

28 aug 2013 - 11:30
  • De Fryske Akademy yn Ljouwert

De Fryske Akademy bestiet 75-jier en fiert dat jubileum mei in spesjale edysje fan de Akademy-dei. Yn skouboarch De Harmonie is Pieter Winsemius op freed 6 septimber de haadsprekker. Ek tal fan ûndersikers prate oer har promoasje-ûndersyk by de Akademy. It earste eksimplaar fan in fernijde útjefte fan ‘It Coulonhûs’ wurdt oanbean. Dat is in publikaasje oer de histoarje fan it Coulonhûs yn Ljouwert, dêr't de Fryske Akademy sûnt 1938 fêstige is. Foar âld-meiwurkers is der in reüny-hoeke mei foto's en filmkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)