Dokkumer sûnder rydbewiis

28 aug 2013 - 11:13

In 44-jierrige automobilist út Dokkum moast tiisdeitejûn syn rydbewiis ynleverje, omdat hy yn Ljouwert belutsen west hie by in oanriding op de krusing fan de Vondelingwei en de Grinzerstrjitwei. De plysje tocht dat de man ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels wie, omdat hy fergrutte pupillen hie. Boppedat hie hy tassen by him dy't spesjaal oanpast wiene om stellen guod yn mei te nimmen. En ek hie hy klean en in navigaasjesysteem by him dy't mooglik stellen wiene. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)