Keeper Coremans nei Cambuur

28 aug 2013 - 06:12

Keeper Tim Coremans hat tiisdeitejûn in ienjierrich kontrakt tekene by SC Cambuur. De 22-jierrige doelman hat dêrby in opsje foar noch in seizoen. Coremans stie oant no ta by NAC Breda op de leanlist, mar kaam dêr net offisjeel yn aksje. Hy siet wol in pear kear by de wedstriidseleksje, mar spylminuten hat er dêr net makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)