Terpstra noch yn it sadel

De posysje fan foarsitter Doekle Terpstra fan de KNSB wankelet net nei de gearkomste fan de gewesten, tiisdeitejûn yn Utert. Neffens Jelle Wesselius, foarsitter fan it gewest Fryslân, hie Terpstra in deeglik ferhaal. De puzelstikjes passe neffens him aardich ynelkoar. Wol waard yn de gearkomste dúdlik dat de KNSB de rezjy yn it proses folslein kwyt wie. Dat lei foar in part oan ferkearde ôfspraken, dy't yn it begjin makke binne mei de NOC*NSF.
Woansdeitejûn moat Doekle Terpstra probearje de lederied te oertsjûgjen.
Ut alle gewesten komme trije leden nei Utert ta om te fergaderjen. Under oare oer it lot fan de foarsitter.