Fragen FNP en CU oer skalygas

27 aug 2013 - 20:12

De steatefraksjes fan de FNP en de ChristenUnie binne fan betinken dat de provinsje Fryslân him fersette moat tsjin eventuele skalygaswinning. De FNP fynt dat deselde arguminten dy't yn it Fryske streekplan jilde tsjin de opslach fan gemysk en radioaktyf ôffal yn de grûn ek fan tapassing binne op it winnen fan skalygas. De ChristenUnie fynt dat skalygas net past yn de ambysje fan de provinsje om yn 2050 ûnôfhinklik te wêzen fan fossile enerzjy. Beide partijen ha fragen steld hjiroer oan Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
ChristenUnie FNP skalygas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)