Jonkjes Akkrum meie bliuwe

27 aug 2013 - 18:35
  • Jonkjes Samadi Akkum meie bliuwe

De twa Afgaanske bruorkes Samadi út Akkrum meie definityf yn Nederlân bliuwe. Se komme yn oanmerking foar it bernepardon. De hiele famylje krijt dêrmei in ferbliuwsfergunning. Ali Abbas en Ali Hassan Samadi krigen yn febrewaris 2012 te hearren dat se nei Afganistan moasten, omdat harren âlden dêr weikomme en gjin ferbliuwsfergunning hiene.

Beide jonkjes binne yn Fryslân berne en opgroeid yn Akkrum. Fanút it doarp en de iepenbiere basisskoalle dêr't de jonkjes opsitte waard de saak yn de publisiteit brocht.

Minister Leers skode doedestiids de saak op de lange baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)