Pieter-Jan Postma net stabyl

Pieter-Jan Postma © watersportverbond
Pieter-Jan Postma begûn op de twadde dei fan it wrâldkampioenskip silen yn de Finn noch better as moandei. Doe waard er twadde, no wûn er de tredde race yn Estlân. Yn de fjirde wedstriid gong it hast like beroerd as in dei earder. Moandei 45ste, no 36ste. De omstannichheden foar de silers binne dreech. Der stiet in bytsje wyn en dy wyn is dreech yn te skatten. Yn it klassemint klimt Postma nei it 14e plak. De Brit Andrew Mills bliuwt lieder mei 25 punten, Postma hat 84.