No ek Fryske site Ljouwert

27 aug 2013 - 17:05
  • Nije webside gemeente Ljouwert

In grut part fan de ynformaasje op de website fan de gemeente Ljouwert kin no ek yn it Frysk lêzen wurde. De FNP yn Ljouwert hie hjir om frege. It publisearjen fan gemeentlike ynformaasje yn de Fryske taal wurdt dien fanwege de weryndeling mei it noardlik part fan Boarnsterhim en de kandidaatstelling foar Kulturele Haadsted fan Europa yn 2018.

Nei de Fryske ferzje folget dit jier ek noch in Ingelsktalige site mei ynformaasje foar studinten, besikers en bûtenlânske ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)