SC Leovardia nei de Uitmarkt

27 aug 2013 - 16:24
  • De nije klupkleuren van SC Leovardia
  • It nije kluphûs fan SC Leovardia is noch net klear

De nijste fuotbalklup fan Ljouwert, SC Leovardia, sil snein de stêd troch. De fúzjeklup mei mear as 800 leden wol him tidens de Ljouwerter Uitmarkt presintearje mei ûnder oare in pannakoai, in SC Leovardia-bar en it nije klupliet. De klup is ûntstien troch de fúzje tusken Rood Geel en vv Leeuwarden.

Sneintemoarn kinne jeugdspilers en harren âlden al yn 'e kunde komme mei de nije klup. Dat is noch net op 'e nije lokaasje op it Kealledykje Noard, want it klupgebou is noch net klear.

Oant dy tiid traint en spilet SC Leovardia op de fjilden fan VV Ljouwert, flak achter it Cambuurstadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)