Wolfslag útskeakele op WK judo

27 aug 2013 - 15:51
  • Miranda Wolfslag

Judoka Miranda Wolfslag fan Ljouwert is tiisdei útskeakele op it wrâldkampioenskip yn Rio de Janeiro yn Brazilië. De debutearjende Friezinne moast it yn de earste ronde yn de klasse oant 52 kilogram opnimme tsjin Priscilla Gneto út Frankryk. Dy lêste krige de oerwinning takend op basis fan straffen.

Miranda Wolfslag moast yn earste ynstânsje mei konkurrinte Birgit Ente stride foar in plakje op it WK. Uteinlik krigen beide judoka's in ticket. Ente helle noch wol de twadde ronde mar waard doe ynskeakele .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)