'Miljoen ekstra foar KH 2018'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat ien miljoen euro ekstra útlûke as Ljouwert op 6 septimber útroppen wurdt ta kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. De partij fynt dat it Ljouwerter budzjet fan 40 miljoen euro meager ôfstekt by de konkurrinten Eindhoven en Maastricht. Dy lêste stêd hat 100 miljoen, Eindhoven 140 miljoen.
Neffens Friese Koers fertsjinnet eltse euro dy't yn de Kulturele Haadstêd stutsen wurdt, him dûbel en dwers wer werom.
It is in goed sinjaal om krekt foar it bekend meitsjen fan de winner noch in miljoen eksta beskikber te stellen, seit fraksjelieder Jelle Hiemstra.