Plysje siket tsjûgen botsing

27 aug 2013 - 14:10

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oanriding op de N7 by Snits. Moandeitemiddei om healwei fjouweren hinne botsten dêr twa auto's op inoar. Beide bestjoerders rieden fanút Boalsert rjochting Snits. It giet om in blauwe Renault en in ljochtkleurde Opel.

De krekte oarsaak fan de oanriding is noch net dúdlik. De plysje is dêrom op syk nei minsken dy't de botsing sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)