Protest tsjin tunnel Snits

It Fytsersbûn en de wiken Tinga en Lemmerwei-West yn Snit, komme yn aksje tsjin de plannen fan de gemeente Súdwest-Fryslân foar in yn har eagen gefaarlike tunnel. De bewenners fan de beide wiken tinke dat it der in stik ûnfeiliger op wurdt foar fytsers as de plannen trochgean. It giet om de haadfytsrûte fan Snits nei it suden fan de stêd lâns de Lemmerwei.
De gemeente wol dy rûte fia ferskate bochten en in brêge kruse litte mei de nije farferbining tusken de Geeuw en de Woudvaart. No freed wurdt der in hantekenaksje holden.