Nij stichtingsbestjoer H'fean

27 aug 2013 - 11:52
  • It nije stichtingsbestjoer yn it Abe Lenstrastadion

Sportklup Hearrenfean hat tiisdei in nij stichtingsbestjoer presintearre. Dat bestjoer bestiet foarearst út njoggen persoanen, út alle lagen fan de klup. Der is noch gjin foarsitter beneamd, dy sil letter troch dizze groep oanwiisd wurde. Anne Hettinga, direkteur fan Arriva, is foarearst waarnimmend foarsitter.

De oare leden binne Marcel Annema (Feanfan), Rikus de Vries (Aktie '67), Arjen Kuijt (NieuwNoord), René Groen (âld-spiler), Marco van Beek, Nutte Visser, Jeep Dijkstra (alle trije OSSH) en Martin de Jong (frijwilligers).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)