Opnij ferlies foar Imtech

27 aug 2013 - 09:18

Technysk tsjinstferliener Imtech hat oer de earste helte fan dit jier in nettoferlies draaid fan goed 230 miljoen euro. In jier earder wie it ferlies dik 112 miljoen. It bedriuw moast ûnder oare 62 miljoen euro útlûke foar in reorganisaasje. Imtech skrast yn Nederlân 550 banen.

Mei-inoar ferdwine der by it konsern 1300 banen, foaral yn Dútslân. Imtech hat yn Fryslân twa festigings, beide yn Ljouwert. It bedriuw hat witte litten dat de reorganisaasje op koers leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)