Achtkarspelen fiert feest

27 aug 2013 - 07:31

De gemeente Achtkarspelen bestiet dit jier 675 jier en dêrom binne der allegear aktiviteiten. Yn 1338 wurdt Achtkarspelen as gritenij foar it earst neamd yn it Charterboek van Vriesland. Gritenijen wiene de foarrinners fan de hjoeddeistige gemeenten. De moanne oktober stiet yn it ramt fan it jubileum.

Der binne eksposysjes, fytstochten, lêzingen en rûnliedings. Op de lêste sneon fan oktober is in grutte histoaryske merk yn it gemeentehûs fan Bûtenpost, dat is de ôfsluting fan de festiviteiten.

Trefwurden: 
Achtkarspelen feest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)