Emoasjes by try-out De Oerfal

27 aug 2013 - 07:21

Op it binnenplak fan de âlde finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert, wie moandeitejûn de try-out fan it iepenloftspul 'De Oerfal'. Dêr wêr't de oerfal op 8 desimber 1944 plakfûn. It stik is basearre op it boek 'De Kraak' fan Arend Jan Wijnsma, de yn 1962 makke film 'De Overval', argyfstikken, ferhalen fan neibesteanden en fan Gerrit Fokkema, de lêste noch libjende befrijde finzene fan de oerfal.

Moandei wie der famylje fan de befrijers en fan de minsken dy't befrijd waarden. De premjêre is 29 augustus. Alle foarstellingen binne útferkocht.

Trefwurden: 
Blokhúspoarte oerfal try-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)