Ljouwerter fytseprojekt sukses

Fytsen by it stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert, plysje Fryslân en de Stichting Omrin Estafette gean troch mei it projekt om fytsen te ferwurkjen. It giet om fytsen dy't de gemeente oprêdt, omdat se ferkeard stald stean of omdat it wrakken binne. Fytsen dy't troch de plysje yn beslach nommen binne, gean ek nei it projekt AFAC. It projekt rint no twa jier en de evaluaasje hat dúdlik makke dat it goed foldocht.
Tusken alle oanlevere fytsen sieten bygelyks ek 300 dy't stellen wiene en no oan de eigener weromjûn wurde koene.
It opknappen fan de fytsen wurdt dien troch minsken dy't wurkûnderfining opdwaan moatte.