Grûn yn de oanbieding

De gemeente Opsterlân docht de grûn yn de oanbieding. Bewenners kinne aanst stikjes snippergrien keapje foar 60 euro de kante meter yn stee fan 75 euro. It giet om lytse stikjes grûn dy't de gemeente yn behear hat, mar lestich te ûnderhâlden binne.
Eigeners fan huzen dêr't de grûn by leit krije it rjocht op earste keap. De gemeente wol sa ek stikjes grûn dy't al ynnaam binne troch bewenners dat dy der dochs noch foar betelje. De ferwachte opbringst is 1,5 miljoen euro.