Fragen GrienLinks oer Thialf

Thialf, It Hearrenfean © ANP
De steatefraksje fan GrienLinks wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft der mei reedrydbûn KNSB spulregels ôfpraten binne foar de wedstriid tusken Thialf, Zoetermeer en Almere oer de topsportstatus. Yn novimber 2012 hat de KNSB de provinsje witte litten dat alle topsportprogramma's fan Thialf yntakt bliuwe soene.
Neffens in artikel yn it AD soene der dochs spulregels ôfpraten wêze. GrienLinks wol no witte hoe't dat krekt sit.
Fierder wol de partij witte oft it kolleezje it yn de ûntstiene situaasje needsaaklik fynt om de beskikber stelde 54 miljoen ta diskusje te stellen.