Mear kontrôles De Lytse Jouwer
De plysje sil tenei folle faker op snelheid kontrolearje op it trajekt tusken De Lytse Jouwer en Dokkum. It giet om de Hantumerwei, de Ham en de Hiausterwei. Dêr wurdt faak fierstente hurd riden. By it meldpunt fan Veilig Verkeer Nederland binne dêr ek in soad klachten oer binnen kaam. Minsken fine it trajekt net feilich.