'Yngripe yn striid fearboaten'

It regear yn Den Haach moat sa gau mooglik yngripe op Skylge. De situaasje op it eilân wurdt hieltyd grimmitiger fanwege de striid tusken de rederijen Doeksen en EVT. De eilânbewenners wurde neffens Karin Lodder fan de TOV, de feriening fan Skylger ûndernimmers, de dupe as Doeksen fan 't winter de freedtejûnboat nei it eilân ta skrast.
Doeksen wol dat omdat der besparre wurde moat. As Doeksen net farre wol, sille de eilânbewenners freegje of de reder de terminal beskikber stelle wol oan de EVT, sadat dy op freedtejûn farre kin.
De gemeenteried fan Skylge sil ynkoarten oer de situaasje fergaderje.