Oarsaak brân Ljouwert ûndúdlik

26 aug 2013 - 11:56

De plysje kin noch neat sizze oer de oarsaak fan de brân fan sneintejûn yn in autohannel oan de Celsiuswei yn Ljouwert. Der kin net goed ûndersyk dien wurde fanwege de asbest dy't frijkaam is. De omjouwing fan it bedriuw is ôfsletten. Dit betsjut in grutte kostepost foar guon ûndernimmers dêr. In spesjalisearre bedriuw ûndersiket wêr't noch mear asbest leit en hoe't dat oprêden wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)