Twa mannen mei drugs oppakt

Plysje-embleem © ANP
De plysje hast sneintejûn in 19-jierrige man út Kollumersweach en in 20-jierrige ynwenner fan de gemeente Schagen oanholden foar drugshannel. De twa troffen mekoar by it doarpshûs fan Kollumersweach oan de Foarwei. Surveillearende plysjes kontrolearden de manlju. Doe die bliken dat der nei alle gedachten drugs ferhannele waard. De plysje hat speed en weed yn beslach naam. De fertochten sitte fêst.