CDA wol swimbad iepenhâlde

De Boalserters binne wiis mei harren swimbad © Rudy Bouma/Frieslandactueel.nl
De fraksje fan it CDA yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân fynt dat swimbad Vitaloo yn Boalsert iepen bliuwe moat. Neffens de partij is sluting no noch net nedich. It CDA fynt dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders mei de ynwenners fan Boalsert in oplossing betinke moat om it swimbad te behâlden. De gemeente wol it swimbad yn 2018 ôfstjitte. No woansdei wurdt der oer praat yn de kommisjegearkomste. Ynwenners fan Boalsert binne in hantekenaksje begong foar it behâld fan it swimbad.
Ek GrienLinks fynt dat it swimbad iepen bliuwe moat. De partij fynt dat de gemeente de pine tefolle yn Boalsert leit. Der soe better sjoen wurde moatte nei alternativen fan besunigings.