Asbest frij by brân Ljouwert

25 aug 2013 - 23:54
  • foto Celciusweg

By in brân yn autohannel Khababi op de hoeke fan de Celciusweg-Einsteinweg yn Ljouwert is sneintejûn asbest frijkommen. It asbest leit yn elts gefal op it terrein fan de autohannel, mar mooglik ek op de iepenbiere dyk. De gemeente Ljouwert hat foar de wissichheid in gebiet ôfsetten. Ek sil de gemeente omlizzende bedriuwen sa gau as mooglik ynformearje. Mooglik kin it personiel fan dy bedriuwen moandeitemoarn net by harren wurk komme. In spesjalisearre asbestbedriuw giet moandeitemoarn betiid fierder mei it ûndersyk.

De brânwacht krige efkes nei acht oere sneintejûn de melding fan de brân, neidat in foarbygonger reek seach op it yndustryterrein oan de westkant fan de stêd. By it blussen fan de brân waard ek in himpkwekerij yn it gebou oantroffen. De plysje kin dêr yn ferbân mei it asbest dat frijkommen is, noch gjin neier ûndersyk nei dwaan. Dat bart nei alle gedachten moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)