Mollema 9e twadde dei Vuelta

Bauke Mollema yn aksje © EPA
Hurdfytser Bauke Mollema is snein yn de twadde etappe fan de Ronde fan Spanje njoggende wurden. Op de Alto do Monte da Groba, in klim fan 11 kilometer, kaam Mollema 14 tellen efter de winner Nicolas Roche oer de einstreek. Dêrmei wie er de bêste Nederlanner. In dei earder einige Mollema mei Belkin as tsiende yn de ploegetiidrit.
De Italiaan Vincenzo Nibali giet nei twa etappes oan 'e lieding. Bauke Mollema stiet no 20e yn it algemien klassemint.