Winst foar trio Wagenaar

It partoer fan Lisette Wagenaar-en-dy © awfoto.nl
De winst yn de frije formaasje foar froulju yn Ljouwert wie snein foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Geke de Boer.
De lytse preemje wie foar Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga, dy't mei 5-1 en 6-0 te sterk wiene foar Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma.