Zeinstra keninginne yn Bitgum

25 aug 2013 - 14:18

De Van Aismapartij trochinoar lotsjen yn Bitgum is sneon in proai wurden foar it partoer fan Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Yn de einstriid wie it trijetal mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Margriet Bakker.

De lytse preemje wie foar Nicole Hempenius, Judy Bergsma en Geke de Boer, dy't yn de striid om it tredde plak mei 5-3 en 6-0 wûnen fan Iris van der Veen, Mariska Hoogland en Wiljo Sijbrandij. Fenna Zeinstra waard yn Bitgum útroppen ta keninginne fan de Van Aismapartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)