Eks-freondinne yninoar slein

25 aug 2013 - 14:07

De plysje hat sneontenacht in man (44) út Drachten oanhâlden foar it mishanneling fan syn eks-freondinne. Hy wie de wente fan syn eardere freondinne yngien en hie har doe ynoar slein. Op it plysjeburo die bliken dat de Drachtster drugs by him hie. Der is GHB yn beslach naam. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

In 20-jierrige Hearrenfeaner is ek oppakt. Hy wurdt fertocht fan mishanneling fan in 17-jierrige Jouster. Dat barde op It Hearrenfean. De fertochte sit fêst foar ûndersyk.

Fierders is yn Kollumersweach in man (21) út de gemeente Kollumerlân oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling fan in jongeman fan 18 jier út Damwâld. De twa hiene spul mei elkoar krigen yn in kafee oan de Foarwei yn Kollumersweach. Befeiligers droegen de fertochte oer oan de plysje. De man sit fêst. Hy wurdt snein ferheard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)