Wenje en wurkje yn gymseal

25 aug 2013 - 13:44

De gemeente Achtkarspelen ferkeapet de gymnastykseal yn Koatstertille. By it doarpshûs wurdt in nije seal boud. De âlde gymnastykseal út de begjin jierren santich kin ferboud wurde ta wenning, yn kombinaasje mei in bedriuw.

De oergong nei de nije wenwurkbestimming moat barre yn oerlis mei de gemeente. De seal hat no noch de romtlike bestimming maatskiplik, mar dat kin feroare wurde. Op 6 septimber kinne belangstellenden de âlde seal besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)