Himmelaksje op strannen

25 aug 2013 - 12:39
  • Himmelaksje op Skiermûntseach

Goed 560 frijwilligers hawwe dizze moanne hast 6600 kilo smoargens sammele op de Noardseestrannen. Dat makket de organisearjende Stichting De Noordzee bekend. De opromtocht fan 350 kilometer begûn yn Cadzand en einige sneon op Skiermûntseach. Dêr waard it measte ôffal ophelle, 1500 kilo. Dat bestie benammen út fisknetten, pallets en touwen.

Doel fan de aksje wie net allinnich it skjinmeitsjen fan de strannen, mar ek it yn kaart bringen fan it ôffalprobleem en de gefolgen dêrfan.

Stichting De Noordzee hopet dat it kabinet maatregels nimt om de fersmoarging fan de strannen foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)