Dronken brommerrider Harkema
In 41-jierrige drankrider út De Harkema is freedtejûn oanhâlden by It Jachtfjild. De man wie mei te folle drank op op de brommer stapt. Hy reagearre earst net op stoptekens fan de plysje. Nei't se him oan de kant set hiene, bedrige er de plysjes ferskate kearen mei de dea.
De man sit fêst en kriget in proses-ferbaal.