'Sintrum Hearrenfean te glêd'

24 aug 2013 - 13:54

In ynwenster fan It Hearrenfean is in aksje begûn om it sintrum fan it Hearrenfean feiliger te meitsjen foar fuotgongers en fytsers. Betsy Valen gie mei de fyts ûnderút op de glêde stiennen en bruts de heup. Mei in iepen brief yn de Hearrenfeanske krante is se klachten oan it sammeljen. Se wol sa de gemeente ûnder druk sette om de strjitte oan te pakken.

De bestrjitting yn it winkelsintrum is mear as tsien jier ferlyn, yn 2002, fernijd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)